Fryslân wurket oan in provinsjaal previnsjeakkoart

23 aug 2019 - 11:08

Ein ferline jier waard it Nationaal Preventieakkoord presintearre, bedoeld om ús as Nederlanners sûner libje te litten. It set yn op it ferminderjen fan oermjittich alkoholgebrûk, smoken en oergewicht. Yn neifolging fan dat nasjonale akkoart wurdt der no ek wurke oan in Frysk previnsjeakkoart.

Foto: Pexels.com

Wethâlder Hanneke Zonderland oer it akkoart

Dat wurdt dien ûnder oanfiering fan GGD Fryslân. "It nasjonale akkoart is presintearre troch de steatssekretaris, mar dy hat de opdracht jûn om it út te rôljen fia de gemeenten. GGD Fryslân kin dêrby helpe om struktuer te jaan", leit wethâlder Hanneke Zonderland fan Weststellingwerf út. Sy sit yn it bestjoer fan GGD Fryslân.

Better op elkoar ôfstimme

Der wurdt al in soad oan previnsje dien, mar it is de bedoeling dat der mear gearhing komt tusken de projekten dy't al rinne, lykas Nuchter over Gewicht, Nuchtere Fries, Rookvrije Generatie, Friese beweegakkoord, Kansrijke start, Gezonde School en JOGG. Projekten sille ek mear ôfstimd wurde op leeftiid.

"Wy pakke dat lanlike stikje oer en sette dat oer nei de gemeente", leit Zonderland út. In maatregel dy't Weststellingwerf krektlyn naam hat, is bygelyks it smookfrij meitsjen fan omjouwing fan de sporthal fan Wolvegea.

Ien programma

Elke gemeente hat wer oare spearpunten. "Sa is de iene gemeente dwaande mei omgean mei demintens en de oare set mear yn op bern en it stimulearjen fan wetter drinke. De oare gemeente let wer op de wurkflier en beweging. Al dy projekten binne se no oan it keppeljen en dêr moat ien programma fan makke wurde."

It Fryske akkoart moat mei de hjerst klear wêze, sadat der begjin 2020 in hantekening ûnder setten wurde kin.

(Advertinsje)
(Advertinsje)