Brânwacht Surhústerfean set de blomkes bûten om 150-jierrich bestean

23 aug 2019 - 10:22

Reden foar in feestje yn Surhústerfean. De brânwacht fan it doarp bestiet sneon nammentlik 150 jier. Dat wurdt ûnder oare fierd mei in defilee fan âlde brânwachtweinen, der binne demonstraasjes en bern kinne har brânwachtdiploma helje. It doarp krige koartlyn noch in nije kazerne.

De nije kazerne fan Surhústerfean - Foto: Brandweer Fryslân

It korps bestiet op dit stuit út fjirtjin frijwilligers. Ien fan harren is Joop Numan. Hy hat 25 jier brânwachtman west. It begûn allegear doe't in doarpsgenoat tsjin him sei dat er it fak krekt wat foar him fûn. "Dêr moast ik wol efkes oer neitinke, want ik wie mear in sportyf figuer as in technysk figuer. Mar ik ha der dochs 25 jier mei in soad wille by sitten."

Uteinlik krige Numan it te drok mei alle dingen dy't er deromhinne die, dus besleat hy dermei op te hâlden. No is er belutsen by de organisaasje fan de festiviteiten. Mar der is in soad feroare yn in kwart iuw.

Ien en al elektroanika

"Ik mocht fan 'e wike yn in nije auto der efkes op út en doe tocht ik: eartiids hiene we neat yn de auto, útsein in stjoer en in toeter. Tsjintwurdich is it ien en al elektroanika. Prachtich!"

Joop Numan fertelt oer it jubileum

De festiviteiten sette sneon útein mei in defilee fan 35 brânwachtweinen. "Fan hiel âld, bygelyks de pompkarre, oant de moderne auto dêr't de brânwacht fan Surhústerfean no yn rydt", leit Numan út. Dêrneist sille der ferskate demonstraasjes wêze en aktiviteiten foar bern.

Der sil ek oantinken jûn wurde oan it wervjen fan nije frijwilligers foar de brânwacht. It korps bestiet no út fjirtjin leden, mar dêr kinne altyd noch mear by. "Je moatte der wol hiel goed oer neitinke, want je komme ek foar putsjes te stean dy't net altyd like maklik binne. En je moatte fansels wol yn de omjouwing wenje."

(Advertinsje)
(Advertinsje)