Kollum: "Imaginarium"

23 aug 2019 - 09:36

"Ik hie noch nea by it Imaginarium-festival yn Tystjerk west, omdat wy dan altyd sylden. Mar dit kear net, dus ik ha dêr de sneons hinne west. Freedtemiddei hawwe wy noch al efkes op 'e Iselmar west om nei it skûtsjesilen te sjen, mar de dei dêrnei wie ik frij om nei Tytsjerk te gean.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Hilda Talsma

Vijversburg is in prachtich park, it waar wie al wat nuver. Grutte buien en sinneskyn wikselen elkoar ôf, mar lokkich wie it net kâld. En dat wie mar goed ek, want guon lju hiene net in soad klean oan. Foar wa't net wit wat it Imaginarium is; it is in soarte fan fantasyfestival.

Yn it park stiene allegear kreamkes mei guod as riddersklean, skieppefellen, hekse- of Vikingguod, sieraden, ensfh. Koest bôgesjitte, immen spile op in harp, in oar makke fleis klear op iepen fjoer en der wie in grut poadium mei Keltyske muzyk. En doe't ik alle kreamkes hân hie, kaam ik by it terrein dêr't ridders elkoar de harsens ynsloegen.

Dat wie it saneamde Buhurt-toernoai en neffens my wie it in Europeesk kampioenskip ofsa. It tilde op fan 'e tinten en manlju yn riddersklean, kompleet mei harnassen en sneins soene der ek noch froulju by komme. Omdat it bêst wol reind hie, wie it in wiete boel foar de ridders, mar dêr joegen se neat om. Ik fûn it wol aardich om nei te sjen en ha my fierder fernuvere oer alle bysûndere kreaasjes dy't dêr omrûnen.

In hiel soad lju wiene ferklaaid. As in Skot yn in kilt en skieppeflues oer it skouder of as in prinses yn in polyester jurk. Ik ha Sniewytsje sjoen en in soarte fan elf-eftige natuerwêzens, mar ek in sheriff en minsken yn trouklean. Kinst it sa gek net betinke of it rint dêr om, mar ik fûn net elkenien like moai. De minsken yn de polyester ferklaaiersklean fûn ik neat oan, mar der wiene ek hiele kreative kostúms by en sels immen yn in hoepelrok dy't in trochsneed hie fan wol twa meter.

Ik kin it my yntinke dat sokken al skoften fan tefoaren dwaande binne mei wat se oandwaan sille en neffens my binne der in protte lju dy't langje nei ferfleine tiden. De measte minsken seagen derút as kamen se sa út it ferline wei en dêr kin ik my bêst wat by foarstelle. Mar ik wie net ferklaaid en wie bliid dat ik myn wettertichte learzens oan hie want it paad wie fansels hielendal wietreind. Lokkich lei der hjir en dêr strie oer de drek sadat it net sa glêd wie.

Ik ha gjin hekel oan drek mar guon prinsessen mei lange slepen wierskynlik al. Wat my ek opfoel wiene de leech útsniene jurken en oare kostúms want it iene dekolletee wie noch net foarby of dêr wie it oare alwer. Sa'n dekolletee dêr't in bern treast by siket en in man him in keardel troch fielt. Echte sachte rjemmewite boarsten ynstee fan dy sabeare brune ballonnen dy't we omraak tsjinkomme yn 'e media of op it strân fan Ibiza.

En omdat se meastentiids ferpakt wiene yn in midsiuwske jurk of in pirateblûze kaam it eins wol hiel natuerlik oer. Kinst dus gewoan lekker wêze sa'tst wêze wolst yn park Vijversburg yn Tytsjerk, tusken prachtige beammen en stoere ridders. Ik fielde my dêr wol thús en ha ek noch in moai skieppefel foar de hunen kocht.

Werom yn Warten ha 'k efkes yn 'e blûze sjoen en mei in goed harnas is der fan myn dekolletee ek noch wol wat wat te meitsjen. Dus as we takom jier wer net sile, moat ik miskien ek mar om in jurk út."

(advertinsje)
(advertinsje)