De Kast fiert 30 jierrich jubileum yn AFAS Live yn Amsterdam

23 aug 2019 - 09:32

De Kast bestiet dit jier 30 jier, en om dat te fieren jout de Fryske band op 14 desimber in spesjaal konsert yn AFAS Live yn Amsterdam. Yn 1989 wie de band de earste Nederlânsktalige band dy't yn de AFAS Live (doe noch Heineken Music Hall) spile foar in útferkochte seal.

Foto: Remko van der Klis

De band is rûnom bekend yn Fryslân, mar hat ek bûten de provinsjegrinzen hits hân lykas In Nije Dei, Hart van mijn Gevoel, Eltse Grins Foarby en Woorden zonder Woorden. Yn totaal hat de groep sa'n 14 kear yn de top 40 stien.

"Tritich jier De Kast is in hiele mijlpeal", fertelt sjonger Syb van der Ploeg. "Wy sille der mei ús fans in grutte reüny en in tige bysûndere jûn fan meitsje!"

Sukses yn de Nineties

De band ferkocht yn de jierren '90 mear as in miljoen cd's en singles. Dêrnjonken wûnen se meardere kearen in TMF Award, in Edison en in Gouden Harp.

De kaartferkeap foar it Amsterdamse konsert set op 30 augustus útein. Dat is dan net in gewoane ferkeap, mar in geheime pre-sale. As der dêrnei noch kaarten oer binne, wurde dy fan 10 septimber ôf ferkocht.

De Kast stiet freedtejûn op it Glemmer Beach festival op De Lemmer.

Trefwurden: 
jubileum de Kast AFAS Live
(Advertinsje)
(Advertinsje)