Feanster Sybren Wubs is technysk manager fan Solar Team Twente

De 24-jierrige studint Sybren Wubs fan It Hearrenfean sil as technysk manager fan it Solar Team fan Universiteit Twente meidwaan oan de wrâldferneamde World Solar Challenge, dy't yn oktober yn Australië hâlden wurdt. Dizze race fan mear as 3.000 kilometer mei sinne-auto's wurdt om de twa jier hâlden.
Sybren Wubs (r) en syn Fryske teamgenoat Arthur Kambartsumjan fan Ljouwert © Solar Team Twente
Wubs en 18 oare studinten fan Universiteit Twente reizgje op 3 septimber ôf nei Australië. De race set op 13 oktober útein yn Darwin en einiget sân dagen letter yn Adelaide. Der wurdt in ôfstân fan likernôch 3.000 kilometer ôflein. De Twintske wein sil bestjoerd wurde troch Arthur Kambartsumjan fan Ljouwert. Neist it team fan Twinte dogge de teams fan de universiteiten fan Delft, Eindhoven en Grins mei. Yn totaal nimme der 48 teams út 25 lannen diel.

Stúdzje

Wubs hearde foar it earst fan it projekt yn syn earste jier fan syn stúdzje biomedyske technology yn Enschede. "Ik zag een promotieposter hangen met een succeswens voor het team en toen dacht ik meteen: dit is het gaafste project waar je aan mee kunt doen op de universiteit. Vijf jaar later heb ik me aangemeld", fertelt er.
Wat him sa oanlûkt oan it projekt is dat it sa ynternasjonaal is. "Er doen teams uit allerlei verschillende landen mee", leit er út. "En het is een langdurig project. Het duurt anderhalf jaar, waarin je je studie stopzet en je volledig de kans krijgt om je op het project te storten."

Technyske oanstjoering

It Solar Team bestiet út trije ferskillende dielteams. "Een technisch team, dat bouwt de auto; een communicatieteam, dat doet de media-uitingen; en een een managementteam." Wubs is lid fan it managementteam en stjoert it technysk team oan. "Ik ben verantwoordelijk voor de planningen, de voortgang en de logistiek van alle onderdelen van de auto."
Sybren Wubs oer de Solar Challenge
De tariedings binne al efkes dwaande en neffens Wubs stiet it team der goed foar. Kommende wike sille se ynpakke en it guod klearmeitsje foar transport. De wike dêrnei stappe se op it fleantúch. De race sels begjint lykwols pas heal-oktober. "We gaan al eerder die kant op, omdat het transport nogal eens kan uitlopen. Daarnaast moeten we nog tests doen die we alleen in Australië kunnen worden gedaan. Ook de coureurs moeten de route oefenen."

Kânshawwer

De Nederlânske teams skoare altyd heech by de World Solar Challenge. Wubs fynt it lykwols lestich om harren kânsen yn te skatten. "Je kunt een hele goede auto bouwen, maar dan heb je nog steeds een race te rijden. Ik denk dat we een goede auto hebben gebouwd en dat we ons maximaal hebben voorbereid op de race, waardoor we een kanshebber zijn voor het wereldkampioenschap."