Bestjoerder makket ynskattingsflater en rydt buske klem

23 aug 2019 - 07:04

De bestjoerder fan ûndersteand bestelbuske fan de Jumbo-supermerk sil flink baald hawwe. Hy ried it fehikel tongersdeitejûn folslein fêst yn de tunnel oan de Rydwei op De Pein. It buske rekke slim skansearre.

Foto: SrFotografie

De jonge bestjoerder skatte de hichte fan de tunnel ûnder de Wâldwei troch ferkeard yn. De bus kaam muorrefêst te sitten en rûn dêrby in soad skea op.

Bergers koene de bestelwein út de tunnel befrije troch lucht út de bannen te heljen.

Trefwurden: 
buske De Pein tunnel Rydwei
(advertinsje)
(advertinsje)