Auto baarnt út yn Ljouwert; mooglik brânstichting

Op it Fennenplein yn Ljouwert is yn de nacht fan tongersdei op freed in auto yn flammen opgien. Doe't de brânwacht oankaam, wie de auto al net mear te rêden.
© Jaring Rispens
De brânwacht waard om 2.00 oere hinne alarmearre. De auto stie yn ljochte lôge en al gau die bliken dat it fehikel net mear te rêden wie. Troch rap te hanneljen, koe de brânwacht foarkomme dat twa oare auto's ek yn 'e brân fleagen. Dy auto's rekken lykwols wol skansearre.
De plysje sil de saak ûndersykje en slút brânstichting net út.