Bouploegen drok mei de tariedingen foar Gondelfeart Balk

22 aug 2019 - 22:21

It oantal gondels dat dielnimt oant de gondelfeart fan Balk is tanaam. Ferline jier gie it net goed mei de gondelfeart, der wiene noch mar 6 bouploegen, krekt te min foar in echt moaie gondelfeart. Dit jier binne der 9 bouploegen en wurdt it sels frij krap allegear.

Yn in loads yn Harich wurdt op tongersdeitejûn hurd wurke oan de gondels. Dêr lizze gondels fan mar leafst fiif ploegen. Hielendal in ferrassing wurdt it lykwols net mear. "Wy bouwe foar de geselligens, wy helpe inoar ek," fertelt ien fan de bouwers dy't de elektrisiteit by de gondel fan in oare ploech oanleit. "As it aanst yn it wetter leit en de lêste oanpassingen dien binne, sjocht it der wer oars út."

Trije flotten

De measte ploegen bouwe harren gondel op twa flotten. Ien ploech makket mar ien flot en ien ploech brûkt der sels trije. "Dat hat noch nea earder west en wurdt ek wol wat spannend," fertelt organisator Rindert Veltman. "Gelokkich is De Luts in hiel rjocht wetter, der is mar ien bocht dy't spannend wurdt."

De ferklearring fan Veltman oer hoe't it kin dat it no wol hiel populêr is, is dat sy der ferline jier in soad oandacht foar hân hawwe. Veltman tinkt dat minsken dêrtroch tocht hawwe dat sy der by wêze moasten om it yn eare te hâlden. In oare ferklearring is dat sy sels hiel bot dwaande binne om sjen te litten hoe leuk oft it is om mei te dwaan.

Feestwike-kommisje

De organisaasje fan de gondelfeart is ek net mear yn hannen fan in aparte kommisje. "De kommisje dy't de feart oare jierren noch organisearre, woe sels ek wolris bouwe. Dêrom hawwe wy de gondelfeart as feestwike-kommisje der no ek by," fertelt Veltman.

De organisaasje en bouwers oer de gondelfeart yn Balk

Trefwurden: 
Balk Gondelfeart Harich
(Advertinsje)
(Advertinsje)