Stoarmfloed dy't Fryslân yn 1825 djip rekke wichtich ûnderdiel fan nij boek

It sânde diel fan de boekerige 'Duizend jaar weer, wind en water in de Lage Landen' is tongersdei offisjeel útbrocht. Dit sânde diel beskriuwt de perioade fan de jierren 1800 oant en mei 1825. De skriuwer, de mar leafst 94-jierrige waarhistoarikus Jan Buisman, docht gronologysk ferslach fan it waar fan eartiids. Hy sjocht dêrfoar net allinne nei waarstasjons, mar benammen yn âlde boarnen: deiboeken, skipssjoernaals, brieven. De stoarmfloed dy't Fryslân yn febrewaris 1825 foar in grut part ûnder wetter sette, spilet in grutte rol yn dit diel.
In grut part fan Fryslân stie yn 1825 ûnder wetter © Rijksmuseum
Under oare Fryslân waard yn dat jier troffen troch slimme dyktrochbrekken en dêrtroch oerstreamings. Hûnderten minsken kamen om it libben en de skea wie hiel grut. De floed wie miskien wol de grutste natuerramp fan de 19e iuw, ferlykber mei de Wettersneedramp fan 1953. Der wie in grutte stoarmfloed en de diken wiene leech en min ûnderholden. Meardere provinsjes kamen ûnder wetter, mar Fryslân it measte: hast twatredde fan de provinsje.
It is dêrom net frjemd dat dit ferhaal sa'n grut part is fan it boek fan Buisman. It boek is dan ek net inkeld in saaie opsomming fan it waar, mar Buisman beskriuwt ek histoaryske foarfallen en anekdoates. It giet him benammen om de ynfloed fan it waar op it deistich libben.