Bern feroarsaken wenningbrân op De Gordyk, út foarsoarch nei it sikehûs

Oan de Geert van der Zwaagstrjitte op De Gordyk hat tongersdeitejûn in lytse wenningbrân west, dêr't lykwols wol twa bern by ferwûne rekke binne. De brân ûntstie om't ien fan de beide bern mei fjoer oan it boartsjen wie.
© Srfotografie
De brânwacht fan De Gordyk is alarmearre en op it plak kaam foar in neikontrôle. Fierder wie der in ambulânse oanwêzich, dy't de bern út foarsoarch nei it sikehûs brocht hat.
Wat der krekt mei de twa bern bard is, is net bekend.