Waadfûns set subsydzjekraan wer iepen, wol mei twivel oer ferdielingswize

22 aug 2019 - 19:20

It Waadfûns stelt op 'e nij 8 miljoen euro beskikber foar projekten yn it Waadgebiet. Dêrby giet it om in subsydzjeregeling foar bygelyks bedriuwen, organisaasjes en lokale oerheden. Foar ien projekt kin der maksimaal 500.000 euro oanfrege wurde. It deistich bestjoer fan it Waadfûns beslút úteinlik nei hokker projekten it jild giet. Dochs binne der wol twivels oer dizze wize fan it ferdielen fan it jild.

It Waad by Koehoal - Foto: Remco de Vries

"It Waadfûns is oprjochte yn 2006 en rûn de iuwwiksel hat it twadde pearze kabinet besletten om te boarjen nei gas ûnder de Waadsee. Dêr wie doe in soad kommentaar op en om dat wat te kompensearjen is it Waadfûns oprjochte. Dêr is in soad jild ynstutsen troch it Ryk," seit wurdfierder Gerard van der Veer fan it Waadfûns. "Oant 2026 wurdt der folop ynvestearre yn it Waadgebiet: yn de ekology, om dy op in hege plan te krijen, mar ek yn de duorsume ekonomyske ûntwikkeling."

Yn dy pot sit in soad jild en elts jier is der in subsydzjeregeling wêrmei't der acht miljoen euro ferdield wurdt oer plannen dy't by it fûns yntsjinne wurde. Van der Veer: "Dêrneist is der ek noch in ynvestearringskader dêr't it Waadfûns ek in soad jild oan jout, dan giet it om hiele grutte plannen."

Komt der in oare ynfolling fan de regeling?

Ofrûne jier is de 8 miljoen dy't beskikber kaam, lykwols net opkaam. Dat ropt fragen op, hoewol't it jild wol wer gewoan beskikber bliuwt. "Dizze regeling is foar it tredde jier efterinoar, mar der binne ek wol gedachten binnen it Waadfûns om it oer in oare boech te smiten en de subsydzjeregeling oars yn te klaaien. Mar dat moat noch útiten wurde."

Wêr giet it jild hinne?

"It Waadfûns hat eins njoggen tema's. Dat giet fan natuerprojekten en lânskipsûntwikkeling oant de ûntwikkeling fan duorsume rekreaasje- en toerismeprojekten. Mar bygelyks ek projekten oer griene enerzjy, fiskerij of agraryske projekten. De Waadkust hat in soad lêst fan it sâltich wurden troch it wetter, bygelyks ikkerbouwers. Dêr wurde bygelyks projekten oer yntsjinne, oer hoe dêrmei om te gean.

Neffens Van der Veer is it bekendste projekt it nije Waadsintrum op de kop fan de Ofslútdyk. "Mar ek Sense of Place, in nij besikerssintrum foar Nasjonaal Park Skiermûntseach en in fiskmigraasjerivier by de Ofslútdyk binne bekend," seit hy.

Hoe wurdt it jild ferdield?

Der is in kommisje fan eksterne saakkundigen dy't alle plannen beoardielet. "Dy ken punten ta en projekten mei mear as 70 punten komme yn in ranking en dy plannen wurde foardroegen oan it deistich bestjoer. Dat bestjoer jout der definityf in klap op. Yn it deistich bestjoer sitte deputearren fan Grinslân, Fryslân en Noard-Hollân, de trije Waadprovinsjes," leit Van der Veer út.

Gerard van der Veer fan it Waadfûns oer de subsydzjeregeling

(Advertinsje)
(Advertinsje)