Gemeente Skiermûntseach betellet mei oan duorsumheid rekreaasjewenten

De gemeente Skiermûntseach wol minsken stimulearje om enerzjybesparjende maatregels te nimmen by har rekreaasjewenten. Advys ynwinne oer duorsumens kostet gewoanwei 200 euro. Mar wa't dêrnei foar 1.000 euro of mear ynvestearret, krijt de kosten fan it advys werom fan de gemeente.
It gemeentehûs fan Skiermûntseach © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
De kommende moannen is der trije kear in enerzjyadviseur op it eilân. Dy jout advys oan bewenners fan Skiermûntseach én oan besitters fan partikuliere rekreaasjewenten. De adviseur besjocht wat der duorsumer kin oan bygelyks it dak, de gevel, flier, kelder, ramen, doarren, fentilaasje en de ferwaarming.
Sa'n advys kostet dus 200 euro. Wa't dêrnei binnen in jier foar op syn minst 1.000 euro ynvestearret yn duorsume maatregels, krijt dy 200 euro werom fan de gemeente.