'Nij fabryk fan Tesla komt nei Dútslân'

22 aug 2019 - 17:31

It liket der hieltyd mear op dat it nije Teslafabryk net nei Noard-Nederlân komt. Dútske media melde dat Tesla oan de slach sil by Dörpen en Emden, krekt oer de grins fan Grinslân mei Dútslân. De noardlike Nederlânske provinsjes hiene earder 1,2 miljoen útlutsen, ûnder oare om Tesla nei Nederlân te heljen.

Foto: ANP

Earder waard al dúdlik dat Tesla tocht oan Dútslân. Dat skreau Elon Musk, de baas fan it bedriuw, doe op Twitter.

Dochs besocht de kampanje TopDutch nei dy tweet fan Musk noch om Tesla oer te heljen om it nije fabryk yn Nederlân del te setten. It gong om in fabryk foar elektryske auto's en akku's.

By TopDutch wie lykwols ynterne strideraasje tusken in Grinzer reklameburo oan de iene kant en trije oare partijen oan de oare kant, wêrûnder in Frysk ynternetburo.

Trefwurden: 
Tesla TopDutch Elon Musk
(advertinsje)
(advertinsje)