G-team SC Hearrenfean foar it earst byinoar: "We meitsje gehak fan se"

22 aug 2019 - 17:21

"De konkurrinsje is grut, mar wy binne better." Oan it fertrouwen sil it net lizze by it nije G-team fan Sportklup Hearrenfean. Rienk Eisma fan Damwâld is ien fan de keepers yn it nije team foar spilers mei in beheining. Sy begjinne nei de simmer oan in spesjale kompetysje. "We meitsje gehak fan se, Fryslân boppe!"

Eisma hat serebrale parese, in harsenstoaring. "Dêrtroch wurkje myn fuotten net goed en dus moat ik keepe op 'e knibbels", seit er. "Dit is no myn passy en it is moai dat it by in profklup kin."

Kontrakt tekenje en traine

De 12-jierrige Eisma en syn ploechgenoaten tekenen tongersdei harren kontrakt yn it Abe Lenstra stadion. Direkt dêrnei wie de earste training foar de nije oanwinsten. "Ik ferwachtsje dat it hiel leuk wurdt, dat we in protte wille ha. En ik hoopje fansels dat we winne."

De kompetysje telt yn totaal fjouwer wedstriiddagen. Op dy dagen spylje de ploegen meardere wedstriden. Dielnimmende teams binne ûnder oare Ajax, FC Grins, ADO Den Haag en FC Utrecht. De kompetysje set ein septimber útein.

Ynterview mei Rienk Eisma:

(advertinsje)
(advertinsje)