Sara Regensburg is noch mar 9 jier âld en docht mei oan NK Voltige

22 aug 2019 - 16:59

It is op himsels net sa bysûnder dat in famke har pleatst foar it Nasjonaal Kampioenskip Voltige (akrobatyk op in rinnend hynder). Mar dat in famke fan noch mar 9 jier âld har pleatst, is dat wól. Sara Regensburg fan It Hearrenfean is 9 jier en docht freed en sneon mei oan it kampioenskip op it terrein fan de Koninklijke Nederlandse Hippische Sportfederatie yn Ermelo. Sara is ien fan de 15 bêste voltigeurs fan Nederlân en de oaren binne allegearre al âlder as 14 jier. Al sûnt har seisde traint sy by voltigeferiening 't Prinsepaard op It Fean.

Yn 2018 koe Sara har net pleatse foar it NK om't sy noch te lyts wie om de opsprong yn galop noch selsstannich útfiere te kinnen. Dat is lykwols wol nedich foar de galopklasse en it NK. Sara koe noch net by de hânfetten fan de voltigesingel.

Haadtrainster Hellen Engbersen fan 't Prinsepaard: "Wij hebben twee nieuwe paarden in training waarmee we op nationaal niveau uitkomen en op internationaal niveau weer hoge ogen kunnen gaan gooien. Sara voltigeert in de klasse waarin ze alles in galop moet doen, de vrije kur op muziek en de verplichte oefeningen."

Talint

Sara is bejeftige yn de sport neffens Engbersen: "De meeste voltigeurs van haar leeftijd uit heel Nederland zitten dan nog in de stapklasse. Sara is gedreven en heeft heel veel potentie. Ze is een veelbelovend toptalentje. Het paard waarmee ze gaat deelnemen heet Finnegan, een bonte ruin van 7 jaar. Hij loopt graag voor de voltige".

Sara Regensburg - Foto: Celine Faber
(advertinsje)
(advertinsje)