Autocross Blije giet no hielendal net troch

22 aug 2019 - 16:30

De autocross fan Blije giet dit jier oer. Earst soe de NijeCross, sa't de wedstriid hjit, ôfrûne sneon holden wurde, mar doe waard it al ôfsein fanwegen de minne waarfoarsizzingen.

Autocross (stockfoto) - Foto: Omrop Fryslân

Der waard doe noch gjin nije datum neamd. No wurdt bekend dat de wedstriid hielendal net ynhelle wurdt, omdat der gjin romte yn de drokke crossaginda foar is.

It NK Rodeo, dat oars ek yn Blije holden wurdt, wurdt ferpleatst nei Kollum op 21 septimber.

Trefwurden: 
autocross Blije
(Advertinsje)
(Advertinsje)