Ronald McDonald Hûs hat oare funksje: ûndersyk nei alzheimer en parkinson

22 aug 2019 - 16:22

It eardere Ronald McDonald Hûs by it sikehûs MCL yn Ljouwert hat in nije bestimming krigen. Sûnt maaie sit ûndersykssintrum QPS yn it gebou. Yn it sintrum wurde no medisinen testen tsjin de sykten fan alzheimer en parkinson.

Ljouwert is de twadde fêstiging fan it bedriuw QPS. Yn Grins sit ek in ûndersykssintrum foar medisinen tsjin alzheimer en parkinson.

Directeur fan QPS Izaak den Daas leit út dat der wis wol ferskillen sitte yn de twa fêstigingen: "In Groningen testen we het medicijn op gezonde vrijwilligers, ook wel fase 1 genoemd. In Leeuwarden wordt vooral fase 2 uitgevoerd. De medicijnen worden dan getest op de patiënten die het medicijn eventueel nodig zullen hebben, bijvoorbeeld mensen met alzheimer of parkinson."

Gearwurking mei MCL

QPS is net foar neat sa ticht by it MCL sitten gien. "We hebben een nauwe samenwerking met het MCL op het gebied fan geneesmiddelenonderzoek. We hebben patiënten van het MCL nodig om de medicijnen op te testen en zij hebben ons weer nodig voor het ontwikkelen fan nieuwe medicijnen tegen deze ziektes," seit Den Daas.

Doe't it âlde Ronald McDonald Hûs beskikber kaam, hat QPS daalks aksje ûndernommen. "Het MCL is een van de grootste ziekenhuizen van Nederland, met hele goede zorg en hele goede medische specialisten. Met deze specialisten willen wij graag samenwerken om een onderzoek op te zetten en goed uit te voeren."

De earste test mei frijwilligers is hast ôfrûn. Dit wie lykwols noch in test mei sûne frijwilligers, mar fan takom wike ôf sille de ûndersiken mei pasjinten úteinsette.

Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)