Bilkerts lilk op Fryske Gea

In pear bewenners oan de Nije Biltdyk boppe Sint Anne binne lulk op It Fryske Gea omdat yn it bûtendyks gebiet samar âlde seekearingspeallen fuorthelle wurde. Neffens har wurdt der belangryk kultuerhistoarysk erfgoed fernield. Se roppe It Fryske Gea op om it wurk fuortdalik stil te lizzen, ek al omdat it dien wurdt yn it briedseizoen.
It wurk is dizze wike begûn en in grut diel fan de âlde peallerij is al fuort. It Fryske Gea seit begryp te hawwen foar de gefoelens fan de bewenners.
Neffens Gea-wurdfierder Theun Wiersma binne de âlde peallen lykwols gefaarlik foar it fee dat yn it bûtendyks lân rint. Der sitte spikers en stikeltried oan. It bewarjen fan de peallen soe dêrom gjin opsje wêze, ek net as it mar om in stikje giet. Neffens It Fryske Gea klopt it wol dat it wurk dien wurdt yn it briedseizoen. Der soe earst sjoen wêze oft der ek fûgelnêsten yn it lân wiene dêr't no wurke wurdt en dat wie net it gefal.