Tsiismakker Royal A-ware makket 18 miljoen winst

22 aug 2019 - 16:04

Suvelbedriuw Royal A-ware, mei ek in fêstiging op It Hearrenfean, hat ferline jier 18 miljoen euro winst makke. Dat is sawat like folle as it jier dêrfoar, seit it bedriuw.

Foto: Royal A-ware

De omset fan Royal A-ware wie in lytse oardel miljard. Dat is mear as yn 2017.

It suvelbedriuw hat ferline jier flink ynvestearre. Sa is de tsiismakkerij op It Hearrenfean útwreide en bout A-ware dêr oan in nije mozzarella- en rjemmefabryk. Dy wurdt ein dit jier yn gebrûk naam.

(Advertinsje)
(Advertinsje)