Gemeente Hearrenfean drok mei bestriden net-winske 'waterwaaier'

22 aug 2019 - 15:33

Gemeente Hearrenfean is ôfrûne wyke úteinset mei it fuortheljen fan de saneamde 'waterwaaier' (Cabomba aquatica). Dat is in wetterplant dy't eins net yn Nederlân heart. It is in eksoat dy't him yn koarte tiid eksplosyf yn oantal tanimme kin en oare wetterplanten nei de eftergrûn twingt. Boppedat is it net goed foar fisken en hinderlik foar swimmers. De wetterplant groeit yn it wetter fan De Heide yn It Fean, en dêr binne meiwurkers fan de gemeente dwaande om mei in boatsje de plant fuort te heljen.

Yn febrewaris waard al bekend dat de gemeente Hearrenfean in heal miljoen euro stekt om eksoaten te bestriden dy't in gefaar foarmje kinne. Dat wurdt oan it fuortheljen, mar ek oan de neisoarch útjûn. Dat giet ek om oare planten, lykas de reuzebearepoat. Dat bestriden fan planten sil wol sa'n fjouwer jier duorje.

Jan Kraak fan de gemeente leit út hoe't it plantsje ûntdutsen is yn De Heide. "Twa jier lyn krigen wy klachten fan omwenners. Doe hawwe wy yn petear west en ferline jier is der in plan makke om it fuort te heljen. It is in grut probleem."

Heidemeer sit der fol mei

Gemeentemeiwurker Tinus Hogenkamp: "Het hele woongebied, het Heidemeer, zit er goed vol mee. De vijvers groeien dicht. Op den duur staan er geen inheemse planten meer en dreigen de vissen uit te sterven."

It fuortheljen is dreech wurk en it duorret lang, boppedat moat der in bedriuw út Hollân wei komme. "En der bliuwt hieltyd wurk oan, wy sille it plantsje nea hielendal kwytreitsje," seit Kraak.

Ferslachjouwer Lennie Bronsveld praat mei gemeentemeiwurkers Tinus Hogenkamp en Jan Kraak

Dat fuortheljen moat sekuer barre, want elts stik stangel kin him wer op 'e nij woartelje. It plantsje groeit wol 7 oant 8 sintimeter op in dei.

Spuitsje en skeppe

Der is in baggerskip omboud ta spuitskip. Marcel Roos is fan it bedriuw en leit út hoe't it fuortheljen giet: "We spuiten water onder een lage druk op de bodem, en daardoor spoelt het wortelpakket schoon van de plant. De plant heeft zuurstof in zijn stengel en op dit moment in seizoen genoeg zuurstof om het hele wortelpakket naar boven te tillen. Dan gaat 'ie drijven en kunnen we hem met een veegbootje eruit halen. Het materiaal wordt afgevoerd door de gemeente."

Roos hat dizze wike al sa'n 10 kúb út it wetter wei helle, hy ferwachtet noch wol sân wiken dwaande te wêzen.

Ferslachjouwer Lennie Bronsveld praat mei Marcel Roos op it spuitskip

De 'waterwaaier' - Foto: Omrop Fryslân, Lennie Bronsveld
(Advertinsje)
(Advertinsje)