Frou yn meterkast, 'fertochten hiene har eventuele dea oer foar stellerij'

22 aug 2019 - 15:33

De trije manlju dy't derfan fertocht wurde dat se by in wenningoerfal in frou fan 82 jier yn de meterkast opsletten, ha yn it foar twa kear de wensituaasje besjoen. Dat sei de offisier fan justysje op de earste iepenbiere, net-ynhâldlike sitting.

Foto: 112Hardenberg

Ien fan de trije fertochten is in 20-jierrige Ljouwerter. Mei twa oaren soe er de frou út De Krim, in plakje yn Oerisel, yn desimber ferline jier oerfallen ha. De man waard yn maaie oanholden. Se soene de frou mei in wapen bedrige ha en fyftjin oeren lang opsletten ha yn de meterkast. De oerfallers ha ûnder oare trouringen en in sitgersmeaner meinaam.

Justysje ferwyt de trije manlju poging ta 'kwalifisearre deaslach'. Dat hâldt yn dat se in eventuele dea fan de frou oer hiene foar de stellerij. De frou wennet yn in hûs efterôf. Tafallich kamen twa freondinnen del, omdat se net by de dûnsles opdaagjen kaam wie.

Wûnder dat se it oerlibbe

Neffens de offisier fan justysje is it in wûnder dat de frou de opsluting oerlibbe hat. It Nederlands Forensisch Instituut (NFI) ûndersiket oft der troch it lange stean stoffen yn it lichem fan de frou oanmakke binne dy't ta de dea liede kind hiene. Dat rapport is noch net ôf.

De Ljouwerter wie de iennige fertochte dy't sels op de sitting ferskynde. In oare fertochte wie allinnich de sjauffeur, sei syn advokaat. Doe't de frou yn de meterkast treaun waard, krige er in telefoantsje fan de Fryske fertochte. Dat fertelde de advokaat tongersdei. De Fryske fertochte hie sein: "Kom hierheen, het loopt totaal uit de hand." Hy hat doe ek guod út it hûs helle om de auto yn te laden, mar hy wist neffens de advokaat net dat de frou opsletten wie.

Dêr wie de offisier fan justysje it net mei iens. De trije manlju soene op de weromreis oerlein ha wat se mei de frou yn de meterkast dwaan moasten. Se besleaten har sitte te litten. Dat is neffens de offisier fan justysje reden genôch om alle trije fertochten poging ta kwalifisearre deaslach te ferwiten.

Ljouwerter: 'ik ha net binnen west'

De Ljouwerter fertelde just dat allinnich de twa oare fertochten yn de wenning west hiene. De advokaat fan de Ljouwerter wol dat dêr in tsjûge oer heard wurdt. Dy tsjûge soe yn in petear mei de twa oare fertochten heard ha dat de Ljouwerter net binnen west hie. De plysje hat dy tsjûge ien kear heard, mar doe gie it allinnich oer in stellen laptop. De rjochtbank gong akkoart mei it fersyk fan de advokaat om de tsjûge te hearren oer de rol fan de Ljouwerter.

De trije fertochten bliuwe yn alle gefallen fêst sitten oant de kommende sittingsdatum. It is noch net bekend wannear't de ynhâldlike behanneling plakfynt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)