Festival Psy-fi yn petear mei Nederlânske gemeente foar nije lokaasje

22 aug 2019 - 14:44

Festival Psy-fi hat serieuze petearen mei in gemeente en provinsje yn Nederlân om dêr takom jier it festival te organisearjen. "It giet om in ferlykbere lokaasje, dêr't ek al oare aktiviteiten organisearre wurde", seit Wiebe Kootstra fan de organisaasje.

Psy-fi wol no earst it bestimmingsplan fan de eventuele nije lokaasje goed bestudearje, om foar te kommen dat dêr ek in soad juridyske tsjinstân komt.

Tongersdei stiene Psy-fi, de gemeente Ljouwert en tsjinstanner Groene Ster Duurzaam foar de safolste kear foar de rjochter. Groene Ster Duurzaam wol dat Psy-fi om 0.00 oere ophâldt mei lûde muzyk, yn plak fan 1.00 oere. Ek wolle se it folume fan de muzyk leger hawwe. Dat binne saken dêr't de gemeente in fergunning foar ôfjûn hat, mar de tsjinstanners binne it der net mei iens.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

By de rjochtsaak fierde de gemeente in saakkundige oan dy't seit dat der gjin reden is om te ferwachtsjen dat Psy-fi him dit jier net oan de fergunning hâlde sil. Neffens him hat it festival him foarich jier oan de lûdsnoarmen holden en binne de waarsomstannichheden dit jier gelyk. It is noch net bekend oft de rjochter dit punt meinimt yn syn útspraak, om't dizze saakkundige pas op it lêste momint opfierd is. De rjochter docht dizze wike noch útspraak.

Kaartferkeap nimt ôf

Psy-Fi liet earder dizze wike witte dat se oerol op taret binne, mocht de útspraak negatyf foar harren útfalle. It is dit jier de lêste kear dat Psy-fi yn Ljouwert holden wurdt. Neffens Wiebe Kootstra fan de organisaasje hawwe alle ynperkingen fan de lêste jierren ynfloed op de kaartferkeap. "Foarich jier hiene we 12.000 kaarten ferkocht yn de foarferkeap, dit jier 10.000. As we hjir trochgeane dan stevenje we ôf op in fallisemint."

Psy-fi festival - Foto: Omrop Fryslân

It festival is ea begûn mei 17.000 besikers, mar moast lytser. Nachts mei der net mear draaid wurde, der moat fierder fuort kampearre en parkearre wurde. "Alles by elkoar opteld hat dit negative ynfloed op de kaartferkeap."

Psy-fi 2020

Kootstra wol noch neat kwyt oer it eventuele nije plak. Yn oktober begjint de kaartferkeap fan Psy-fi 2020, dus dan moat it rûn wêze. De gemeente Ljouwert is op it stuit drok dwaande mei it oanpassen fan it bestimmingsplan by it Griene Stjer-gebiet, sadat der festivals holden wurde kinne sûnder fergunning. Dêr hat Kootstra net in soad betrouwen yn. "Groene Ster Duurzaam hat oanjûn om ek hjir tsjin te prosedearjen, dus dat kin wol jierren duorje."

(Advertinsje)
(Advertinsje)