Blessuere Doke Schmidt slimmer as tocht: trije oant seis wiken út de rûlaasje

22 aug 2019 - 14:08

Nei de 5-0 oerwinning ferline wike op Go Ahead Eagles giet Cambuur mei in posityf gefoel nei de útwedstriid tsjin NAC Breda. By de Ljouwerters falt úteinlik mar ien ôffaller te notearjen en dat is dat de blessuere oan de foet fan Doke Schmidt slimmer is as dat earst tocht waard.

Trainer Henk de Jong: "Der is in weromslach. Wy geane der no fanút dat wy Doke trije oant seis wiken kwyt wêze sille. Wy moatte de tiid der foar nimme." Fierder is de seleksje fan Cambuur folslein.

De Jong begjint mei deselde basis as yn de earste twa wedstriden fan it seizoen, mar konkludearret wol dat de konkurrinsje ta begjint te nimmen. "Der sitte in pear oan te kommen en dat is moai", seit de trainer.

Even lilk

Op de lêste training fan tongersdei waard Henk de Jong efkes lilk op de groep. Hy fûn dat der net goed traind waard. "Dan sis ik dêr wat fan. Dan kin ik wol efkes bolderje. Mar dan is it ek klear. En doe waard der, lykas de hiele wike, goed traind."

De 5-0 oerwinning op Go Ahead Eagles hat foar de nedige eufory soarge, mar de trainer wol de boel skerp hâlde. Want yn NAC Breda komt der in prima tsjinstanner oan. "NAC hat in goeie, beweechlike ploech. Sy fuotbalje maklik. It wurdt in swiere wedstriid, mar it is ek hiel útdaagjend."

Opstelling Cambuur: Stevens; Van Deelen, Schouten, Mac-Intosh, Sambissa; Maulun, Hoedemakers, Jacobs; Kallon, Mühren, Korte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)