Smellingerlân ambiearret de titel European City of Sport

22 aug 2019 - 13:37

De gemeente Smellingerlân hat him foar 2020 kandidaat steld as European City of Sport. De Europeeske priis moat de sport yn de gemeente in ympuls jaan. Yn septimber komt der in sjuery del dy't beslute moat oft Smellingerlân de titel ek yn 'e wacht sleept.

Swimbad De Welle yn Drachten - Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Mar wat hâldt dat krekt yn, European City of Sport? "Eigenlijk geeft het aan dat je de sport hoog in het vaandel hebt en dat je sport aan zoveel mogelijk mensen ten goede wil laten komen", leit boargemaster Jan Rijpstra fan Smelingerlân út. "Je laat zien dat je als gemeente goed accommodaties hebt en dat je veel activiteiten onderneemt om mensen aan het bewegen te krijgen."

Soad akkommodaasjes

Neffens Rijpstra hat Smellingerlân soad te bieden op it mêd fan sport. Der binne in soad akkommodaasjes yn alle doarpen, lykas sportfjilden, sporthallen en swimbaden. "We willen ouderen ook meer aan het bewegen krijgen. Zo kunnen we eenzaamheid tegengaan en hun mobiliteit bevorderen. Dat zijn allemaal activiteiten die je in zo'n European City of Sport-jaar kunt bevorderen."

Boargemaster Jan Rijpstra - Foto: Rijksoverheid

Yn septimber komt der in sjuery del. Rijpstra tinkt dat er op dit stuit gjin konkurrinten binne yn de provinsje, mar dat makket it net perfoarst makliker. "Je moet wel een bepaalde score halen. Je moet boven de acht punten gemiddeld scoren op alle verschillende terreinen."

Rijpstra wie earder boargemaster fan Noardwyk yn Súd-Hollân. Dy gemeente hat ek European City of Sport west. "Ik weet precies wat het een gemeente kan brengen. Met die titel mag je trots zijn op wat je hebt bereikt."

Utslach

Smellingerlân sil begjin desimber te hearren krije oft se de titel op har namme sette mei. "Begin december worden de certificaten en de vlag uitgereikt in het Europees Parlement. Dan komen alle City's of Sport van Europa bij elkaar en wordt de Europese hoofdstad bekendgemaakt."

Boargemaster Jan Rijpstra fan Smelingerlân

(Advertinsje)
(Advertinsje)