UPDATE: De geiten fan Jan de Boer binne rêden fan de slacht

22 aug 2019 - 13:01

"It binne hiel blide, leuke beestkes. Foar in hobbyboer hiel geskikt." Oan it wurd is Ingrid Beeksma fan Itens. Har buorman Jan de Boer is 80 jier en kin net mear foar syn geiten soargje. Troch in oprop op de radio hope Beeksma in goed nij plak foar trije geitsjes te finen. Dat is yntusken slagge.

Beeksma die in oprop by Omrop Fryslân: "Hy fokt al 35 jier stamboekgeitsjes, mar no siket er in ferfanger. Dat wol noch net slagje en dat fyn ik sa sneu. As it net slagget, dan geane se nei de slachter. En it soe hiel sneu wêze om je hobby sa te einigjen."

Koart nei de oprop fan Beeksma wie der al in reaksje. Se binne al ferkocht.

It hâlden fan geiten is neffens Beeksma de grutte passy fan har buorman. Hy hat ek ferskillende prizen mei syn geiten wûn. De geitsjes hjitte by harren berte steefêst Hieke.

It falt him swier

Jan de Boer is yntusken dus 80 jier en it fersoargjen fan de geiten wurdt dreech foar him. Hy hat besletten op te hâlden mei syn grutte hobby en dat falt him swier. "Hy is net sa'n prater as it op gefoel oankomt, mar ik fernim dat er der treurich fan wurdt."

We sprutsen mei Ingrid Beeksma doe't de geitsjes noch net ferkocht wiene.

Ingrid Beeksma

(Advertinsje)
(Advertinsje)