Ofslútdyk ticht foar frachtweinen en caravans nei ûngelok

22 aug 2019 - 12:50

De Ofslútdyk yn de rjochting fan Fryslân is ticht foar frachtweinen, campers en caravans. Oanlieding is in grut ûngelok op de dyk mei in frachtwein.

Ofslútdyk - Foto: Shutterstock.com

Der is stilsteand ferkear by Breesândyk yn de rjochting fan Fryslân fan sa'n sân kilometer. De oare kant op, dus út Fryslân wei, stiet ek in file.

De ANWB advisearret om om te riden oer Flevolân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)