Medalrace silerij Japan ôfbrutsen; Bouwmeester einiget as twadde op testevent

Sylster Marit Bouwmeester is as twadde einige yn de Laser Radial-klasse by in testwedstriid op it olympyske wetter fan Japan. De wedstriid fan no wie presys in jier foar de Olympyske Spelen fan Tokio.
© Ocean Images Photography / Watersportverbond
Nei in mindere start oan de wedstriid begjin dizze wike, sette de Friezinne de dagen dêrnei bettere resultaten del. Dêrmei wie se klom nei it twadde plak. Tongersdei wie de slotdei. De sylsters begûnen noch wol oan de medalrace, mar fanwegen de wyn waard dy ûnderbrutsen. "De foarsizzing seach der al net fantastysk út", seit Bouwmeester. "Dus we ha spitigernôch net race kinnen. Hiel spitich!"

Plasschaert wint

Dêrom bliuwt it klassemint sa't dat foar de medalrace ek al wie. De winst giet nei Emma Plasschaert út België, sy hie in foarsprong fan trije punten op Bouwmeester. It is al it safolste twadde plak foar Bouwmeester de lêste tiid. "It wichtichste is om hjir takom jier op it poadium te stean."
De sylwedstriden binne yn de baai fan Enoshima, in stêd súdlik fan Tokio. Bouwmeester is al wis fan dielname oan de Olympyske Spelen. Se is dêrom in soad yn Enoshima om alfêst te trainen op it olympyske wetter. "We ha de bewuste kar makke om hjir in protte te silen en dat docht fertuten. Mar sa no en dan meitsje ik noch rare flaters of wurd ik oanfearn. It sit noch allegear net mei. Mar sulver is gewoan net myn kleur. We sette troch oant it takom jier einlik goud is."