Sliepeleaze nachten troch wynmûne fan de buorlju; Kollumers stappe nei rjochter

"We gean deroan kapot", dy wurden spruts Bertha Hoiting fan Kollum woansdei by de Ried fan Steat. De famylje wennet deun njonken de wynmûne fan de buorlju en wurdt gek fan it lûd. De rjochter joech Hoiting by de sitting lykwols net in soad hope: de eigener fan de mûne hâldt him oan alle regels.
De wynmûne fan de buorlju stiet deun achter Hoiting har hûs © Google Street View
Hoiting en har partner stapten nei de Ried fan Steat yn de hope dat dy noch wat dwaan koe tsjin de gigantyske lûds- en trillingsoerlêst fan de 93 meter hege wynturbine dy't op krap 170 meter fan de wente stiet. De turbine stiet der al sûnt 1998. "Doe wiene we sa dom om gjin beswier te meitsjen tsjin de komst fan de wynmûne. Wy tochten: skjinne enerzjy, prima dochs. Mar sûnt dy tiid is it ien en al ellinde."

Sliepeleaze nachten

Sliepe docht de famylje hast net mear. "Wy hawwe it oeral yn 'e hûs besocht. We leine sels in matras del yn de keamer. No sitte we yn in isolearre hok yn de skuorre, dêr't it rút net iepen kin. Dochs is it net út te hâlden en komme we hieltyd mear sliep tekoart", seit Hoiting.
Rjochter en steatsried Bruno van Ravels koe Hoiting en har partner by de rjochtsitting yn Den Haag net in soad hope biede. Neffens de steatsried hâldt de wynturbine-eigener him oan de lanlike en Europeeske regels. It liket derop dat de eardere gemeente Kollumerlân en Nijkrúslân net iens ekstra miljeufoarskriften oplizze kin, ek al soe dy dat wolle.

Stilstângebod

Yn earste ynstânsje wie de gemeente dêr wol foar, omdat it om in hiel stil gebiet giet, dêr't it konstante lûd fan in ferâldere wynturbine slim oerhearsket. Hoiting fynt it ûnfertarber dat de gemeente fan miening feroare doe't de proseduere noch rûn en net ekstra maatregels oplizze woe, lykas in nachtlik stilstângebod.
Neffens de gemeentewurdfierster koe Kollumerlân dat net. Der soe nammentlik in grut ferskil wêze tusken in troch de provinsje oanwiisd stiltegebiet en in gewoan stil gebiet, sa seit de sechsfrou. Steatsried Van Ravels wiisde derop dat de oerheid no ien kear in kar makke hat om sels wynmûnen te bouwen op plakken dêr't njoggen persint fan de omwenners, of minder, slimme oerlêst ûnderfynt fan wynturbines.

Ferfange foar nijer eksimplaar

Wol rette de steatsried Hoiting en har partner oan om mei de gemeente en de eigener om tafel te gean om de âlde, rammeljende wynturbine gau te ferfangen foar in moderner en stiller eksimplaar. Want dat liket noch in heechst helbere foar Hoiting. Neffens de riedsman fan de wynturbine-eigener kin dêr wol oer praat wurde. De Ried fan Steat docht oer inkelde wiken útspraak.