Bonifatius de Musical: eigentiidsk

11 nov 2011 - 17:39
Foto: Omrop Fryslân

De foarstelling Bonifatius de Musical hat freed it eigen bestjoer bekend makke. Under oare tekstskriuwer Geert Krimpen en regisseur Marc Krone sitte dêryn.

Krimpen hat ek meiwurke oan lanlike theaterstikken lykas Sjakie en de Sjokoladefabryk en de Trije Musketiers. Regisseur Krone is ynternasjonaal bekend fan opera's en musicals. Bonifatius de Musical wurdt net it skiednisferhaal makke, mar it wurdt wol in aktuele foarstelling mei tema's lykas leafde, passy en it drege fan in kar meitsje moatten. De earste foarstelling is op 1 juny 2012. Der binne sân foarstellings pland. By grut súkses wurdt it ferlingd nei tsien.

Trefwurden: 
Bonifatius
(Advertinsje)
(Advertinsje)