Aald Hielpen ûnderskieden

De folkloristyske sjong- en dûnsgroep Aald Hielpen is freed ûnderskieden mei de Keninklike Earepenning. De groep fierde freedtejûn it 100-jierrich bestean mei in resepsje. Dêrby hat boargemaster Apotheker fan Súdwest-Fryslân de Earepenning útrikt.
De sjong- en dûnsgroep fan Hylpen is de âldste folkoaregroep fan Nederlân. Doel is om de kultuer fan Hylpen sjen te litten oan de hân fan de klaaïnge, it dûnsjen en it sjongen. Njonken de earepenning krige Aald Hielpen ek noch in sjek fan tûzen euro fan de Friese Elfsteden Oldtimers.