Minygolfbaan Appelskea iepen

07 jul 2012 - 10:25

Oan de Bosberg yn Appelskea is sneon de renovearre minygolfbaan opnij iepene. It giet om in bysûndere baan, want der wurdt net golve op beton, mar op filt. It is de iennige baan yn syn soart yn Nederlân. De âlde filtlaach wie 17 jier âld en hielendal fersliten en ûnsljocht wurden. Sneon wurdt fuortendalik it Nederlânsk kampioenskip op de nije baan hâlden.

Takom jier is it EK minygolf foar senioaren yn Appelskea. Dêrfoar moast de baan wer klear wêze. Wethâlder Jan Henk Veenhouwer sloech snoentemoarn de earste bal op de fernijde baan.

Trefwurden: 
Appelskea minygolfbaan
(advertinsje)