Restauraasje Aak folbrocht

06 jul 2012 - 20:51

De Lemmer hat der freed wer in folslein restaurearre aak bykrigen. It giet om it 111-jierrige skip de LE50. In groep frijwilligers hat hast in healjier hurd wurke om de âlde aak der wer as nij útsjen te litten. Foarsitter Joop Bosma fan de stifting LE50 skat dat de restauraasje mei-inoar sa'n 50.000 euro koste hat.

De bedoeling is dat de aak safolle mooglik fart. Dat hâldt yn dat de LE50 oan in soad eveneminten meidocht. Fierder kinne der toeristen opstappe op it skip.

(Advertinsje)
(Advertinsje)