'Burokrasy moat ôfnimme'

06 jul 2012 - 20:40

De krityske kanttekening fan keninginne Beatrix oer de sjerperichheid en burokrasy yn de ferskate bestjoerslagen yn Nederlân hat bot yndruk makke op de Fryske bestjoerders. Neffens de keninginne soe mear dien wurde moatte om de burokrasy tsjin te gean. Sa soe kreativer neitocht wurde moatte oer oplossings.

De keninginne sei dat freed by in besite oan it súdwesten fan de provinsje. De foarstinne waard dêr ûnder oaren bypraat oer de weryndieling en de problemen dêr't lytse doarpen mei te krijen hawwe.

(advertinsje)
(advertinsje)