QR-koades om shoppers te lûken

06 jul 2012 - 20:09

Yn Dokkum is in projekt losgien om it winkeljen yn de binnenstêd in stimulâns te jaan. Etalaazjes fan leechsteande winkels wurde oanklaaid mei posters mei dêrop saneamde QR-koades, plaatsjes dy't jo mei de smartphone downloade kinne en dy't ferwize nei oanbiedings fan winkels yn Dokkum.

In foar Fryslân unyk projekt, opset troch it bedriuwslibben yn 'e mande mei De Friese Poort.

(advertinsje)