Michel Breuer nei NEC

Hearrenfean-ferdigener Michel Breuer hat foar twa seizoenen tekene by earedivyzjeklup NEC út Nijmegen. Breuer hat mar leafst acht seizoenen yn it Abe Lenstra stadion spile. Dêrmei stiet er fiifde op de list fan spilers mei de measte wedstriden foar de klup yn de earedivyzje.
De oerstap nei NEC is ferrassend omdat it der tongersdei noch op like dat Breuer nei NAC ferhúzje soe. Mar dêr koe er it op it lêste momint net iens wurde oer in kontrakt.