Gearwurking foar technyk
22 bedriuwen út de gemeenten Dantumadiel en Dongeradiel hawwe in oerienkomst ûndertekene om har mear yn te setten om jongeren entûsjast te meitsjen foar in technyske stúdzje. De oerienkomst is in gearwurking mei ûnder oaren it Dockinga Kolleezje en de VMBO skoalle De Saad.
Konkreet betsjut de gearwurking dat de learlingen bedriuwen besykje meie en dat der gastlessen jûn wurde. Ek kinne der staazjes útkomme.