Grêftsmiters foarearst frij

06 jul 2012 - 17:47
Justysje - Foto: ANP XTRA

De trije manlju dy't fertocht wurde fan iepenlike geweldpleging op de Voorstreek yn de nijjiersmoarn binne foarearst frijlitten. Trochdat it proses tsjin de trije bûten har skuld om fertraging oprûn hat, meie se de rjochtsaak no yn frijheid ôfwachtsje.

Der moatte ûnder oare noch tsjûgen heard wurde. De manlju moatte wol beskikber bliuwe foar plysje en justysje. Sa't it no stiet moatte de manlju ein augustus of begjin septimber foar de rjochter ferskine.

(advertinsje)
(advertinsje)