Mollema ferliest soad tiid

06 jul 2012 - 17:36

Hurdfytser Bauke Mollema fan Ljouwert hat yn de sechde etappe fan de Tour de France mear as twa minuten ferlern op koprinner Fabian Cancellara. Mollema, dy't alfde stie, wie tegearre mei de oare kopman fan de Raboploech, Robert Gesink, belutsen by in falpartij yn it peloton. Dy soarge foar in slachtpartij en grutte tiidsferskillen op de finish. Mollema kaam op goed twa minuten fan winner Sagan oer de finish. Gesink ferlear mear as trije minuten.

Ek de beide oare Friezen Lieuwe Westra en Pieter Weening einigen troch dy fal yn de achterhoede.

(Advertinsje)
(Advertinsje)