Minder ynbraken yn skuorren en garaazjes yn Fryslân

It tal ynbraken yn skuorren en garaazjes yn Fryslân is yn de earste helte fan dit jier ôfnaam mei goed 15 prosint, yn fergelyk mei deselde perioade ferline jier.
Ynbrekker mei in koefoet © Shutterstock.com
Lanlik is de delgong fjouwer prosint, docht bliken út data fan de Nationale Politie dy't yn kaart brocht binne troch Independer.
Yn hiel Nederlân waarden der tusken jannewaris en juny mear as tolvetûzen minsken slachtoffer fan ynbraak yn harren skuorre of garaazje. Dat binne 70 ynbraken op in dei. Net yn alle provinsjes is in delgong te sjen. Yn Grinslân, Drinte en Gelderlân is der bygelyks just in taname te sjen. De grutste taname is yn Seelân.

Yn Harns hielendal net

Yn Fryslân binne grutte ferskillen tusken gemeenten: sa is der yn Ljouwert 42 kear ynbrutsen yn in skuorre, wylst yn Harns gjin inkelde kear in garaazje iepenbrutsen is. Yn hiel Fryslân giet it om 137 gefallen.