Pia Dijkstra passeart Berndsen

© Foto ANP
Frysk D66-keamerlid Magda Berndsen fan Burdaard is ien plakje sakke op de definitive kandidatelist fan har partij. Se is sakke fan plak 9 nei plak 10. Berndsen moast har plakje ôfstean oan Fries-om-utens Pia Dijkstra dy't troch de leden in plakje heger set is.
Ien en oar is it gefolch fan de stimming ûnder leden fan D66. Twa jier lyn waard Pia Dykstra troch de leden ek al omheech stimd.