Beatrix sjocht by fierljeppen

06 jul 2012 - 16:38

Nei Koudum makket It Heidenskip him op foar in besite fan keninginne Beatrix. De kenginne leit freed in streekbesite ôf oan Súdwest-Fryslân om bypraat te wurden oer bygelyks de gemeentlike weryndieling, de problemen fan lytse doarpen en it Fryske Marreprojekt. De keninginne is yn It Heidenskip foar hiel wat oars; in demonstraasje fierljeppen.

Oan it begjin fan freedtemiddei waard de keninginne ûnfongen op de pleats fan 'e famylje Westra yn Aldemardum. De besite wurdt freed oan 'e ein fan 'e middei ôfsletten yn Warkum.

Dêr luts de besite fan 'e keninginne in soad folk.

(advertinsje)