Boazumer oargel wer yn gebrûk

06 jul 2012 - 16:31

It oargel fan Boazum kin nei in trije jier duorjende restauraasje wer bespile wurde. Freed waard it ynstrumint wer yn gebrûk naam. It oargel is boud troch Gottlieb Heineman en Rudolf Knol yn 1791. Der binne yn Fryslân gjin oare oargels dêr't dizze manlju oan wurke ha en dêrmei is it in seldsum ynstrumint.

Jierrenlang wie it oargel net goed mear te bespyljen, mar de âlde klank is no wer werom. Yn de pipen binne âlde kranten út 1790 fûn, in flearmûs en in mummifisearre protter.

De restauraasje kaam noch yn 'e problemen trochdat de subsydzjekraan ynienen tichtdraaid waard, mar it wurk is al trochset.

Trefwurden: 
Boazum oargel
(Advertinsje)
(Advertinsje)