Skrâns sneontejûn wer iepen

06 jul 2012 - 16:11

It ferkear kin fan sneontejûn ôf wer oer de Skrâns yn Ljouwert ride. De strjitte wie hast twa wiken ôfsletten fanwege in fûle brân yn ien fan de monumintale gebouwen dêr. Freed en sneon wurdt der hurd wurke om mei in steiger de gevel fan it gebou wer te stutten. Dizze stie op ynstoarten.

De planning is dat dit sneon oan de ein fan de dei klear is. De dyk oer de Skrâns wurdt oanpast sadat it ferkear om de steiger hinne ride kin. It is noch net dúdlik hoe lang't de steiger stean bliuwe moat.

(Advertinsje)
(Advertinsje)