Leon Broekhof nei SC Cambuur

06 jul 2012 - 15:40

Leon Broekhof spilet de kommende trije seizoenen foar SC Cambuur.
De 24-jierrige sintrale ferdigener komt oer fan Roda JC. Broekhof is de ferfanger fan Robert van Boxel dy't nei Sparta Rotterdam ta gien is. De talintfolle Broekhof kaam ûnder trainer Harm van Veldhoven amper oan spyljen ta. Ofrûne seizoen kaam hy net fierder as fiif offisjele wedstriden. Syn kontrakt rûn noch ien jier troch, mar dat hat Broekhof sels ûntbine litten. Dêrmei wie hy transferfrij.

Cambuur direkteur Gerald van den Belt is bliid mei de sechsde oanwinst oant no ta. "Het gaat misschien niet zo snel, maar we proberen met precisiebommen toe te slaan", sa seit Van den Belt. Cambuur wol no noch in sintrale ferdigener fêstlizze en is noch op syk nei in rjochtsbûten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)