Provinsje krijt foech Frysk

06 jul 2012 - 15:24

Mei yngong fan skoaljier 2013-2014 mei de provinsje Fryslân de kearndoelen foar it fak Frysk bepale foar basisûnderwiis, fuortset ûnderwiis en spesjaal ûnderwiis. De ministerried hat freed ynstemd mei de wetswiziging op foarstel fan minister Van Bijsterveldt fan ûnderwiis. It kabinet wol sa de Fryske taal befoarderje en de kwaliteit fan it fak Frysk ferbetterje.

De provinsje is net allinnich baas as it giet om it Frysk. De provinsje hat by it fêststellen fan de kearndoelen wol ynstimming foarôf nedich fan de minister.

Yn de kearndoelen wurdt fêstlein wat de bern krekt leare moatte op skoalle. It nivo fan it fak Frysk ferskilt no hiel bot tusken de iene skoalle en de oare. Guon skoallen brûke it Frysk hast alle dagen, op oare skoallen bliuwt it by in oere yn 'e wike. De provinsje stribbet der nei dat yn 'e takomst elts goed Frysk leart op skoalle. Ek wol de provinsje graach dat it ûnderwiis yn Fryslân meartaliger wurdt mei dêryn in goed plak foar it Frysk.

It wetsfoarstel is in ferfolch op it rapport ‘Fries in het onderwijs' fan de kommisje Hoekstra út 2010. It foarstel fan minister Bijsterveldt giet no foar advys nei de Rie fan Steate. Dêrnei giet it nei de Twadde Keamer en wurdt it ek iepenbier makke. Sûnt de publikaasje fan it rapport fan de kommisje Hoekstra hat it ministearje der in pear jier tsjinoan skytskoarre om it foech oer te dragen oan de provinsje Fryslân, mar dat liket no dochs te slagjen.

Deputearre Jannewietske de Vries neamt it beslút fan it kabinet yn in reaksje 'in moaie stap'. De provinsje Fryslân fynt it fierder fan grut belang dat ek de earder oankundige Fryske taalwet gau nei de Twadde Keamer stjoerd wurdt. De provinsje ferwachtet dat de 'Wet gebruik Friese taal' nije wike iepenbier makke wurdt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)