Jild foar Drachtster Feart

06 jul 2012 - 14:27

It kolleezje fan deputearre steaten stipet it projekt fan de Drachtsterfeart mei sa'n twa miljoen euro. Al yn 2007 hie Smellingerlân it plan om de Drachtsterfeart wer op 'e nij te iepenjen. Mar troch de krisis is it der oant no ta net fan kaam. De provinsje hat doetiids sa'n 500.000 euro beskikber steld. Dit jild wurdt ek no wer ynset.

De gemeente lûkt sels 5,5 miljoen euro út foar it projekt. It moat it sintrum fan Drachten wer berikber meitsje foar de wettersport. De gemeenteried fan Smellingerlân moat noch akkoart gean mei de plannen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)