Maasbommel wethâlder yn Kollum

06 jul 2012 - 14:02
Paul Maasbommel

PvdA-riedslid yn de gemeente Kollumerlân Paul Maasbommel nimt fan 19 july ôf de taken fan wethâlder Rik Schaafstal oer. Schaafstal stapte op omdat it CDA gjin betrouwen mear hie yn hoe't hy omgie mei de portefûlje sosjale saken. Paul Maasbommel hat seis jier ûnderfining as riedslid, de lêste trije jier ek as fraksjefoarsitter.

Maasbommel kombinearret it wurk as wethâlder mei in baan as dosint skiednis oan it Lauwers Kolleezje yn Bûtenpost.

(Advertinsje)
(Advertinsje)