Lustrumfeest park Alde Feanen

11 nov 2011 - 16:56

Nasjonaal park De Alde Feanen fiert freed it 5-jierrich bestean mei in sympoasium yn Earnewâld. It is net in feest sûnder soargen. De Nasjonale Parken stean foar grutte problemen, no't it ryk de jildkraan tichtdraait.

It sympoasium stiet yn it teken fan jild. Der moat kreatyf neitocht wurde oer alternative ynkomsten. Sympoasiumsprekker âld-kommissaris fan de Keninginne Hans Wiegel hat dêr wol ideeën oer. Hy tinkt bygelyks oan sponsoring en it heffen fan yntree- en parkearjild. Foar 2012 is der lykwols noch gjin direkt probleem. De provinsje follet foar ien jier it finansjele gat. Deputearre Konst wiist it idee fan Wiegel foar yntree- en parkearjild net op foarhân fan de hân.

Trefwurden: 
Alde Feanen
(advertinsje)