Breuer komt der net út mei NAC

Michel Breuer giet net nei NAC Breda. De Hearrenfean-ferdigener is der yn de ûnderhannelings net útkaam mei de klup. Under oare de finânsjes wiene in stroffelstien.
Neffens Breuer is der noch in oare opsje. Mar hy wol net sizze hokker dat is. Ek de doar nei Hearrenfean stiet noch op in kier. Mar oant no ta hat de klup gjin inisjativen naam. Breuer syn kontakt rûn dizze simmer ôf en waard net ferlinge.