Keuring boaten sinneboatrace

06 jul 2012 - 12:58

De dielnimmers oan de Solar Challenge, de sinneboatrace fan dit jier, litte freed har boaten keure. Dat bart op de Grutte Wielen by Ljouwert. In saakkundige sjuery kontrolearret oft de boaten klear binne foar de mear as 200 kilometer lange wedstryd. It is de fjirde kear dat de sinneboatrace hâlden wurdt.

De dielnimmers komme fan oer de hiele wrâld, bygelyks út Finlân, Ingelân en Brazilië. Se begjinne moandei oan de wedstryd, dy't by de alvestêden delgiet.

(advertinsje)